Hea! fan 3 septimber 2014 17:40

We meitsje hjoed in útstapke nei Frankryk. Krekt boppe Toulouse leit it Nalanda Kleaster. Hjir wennet Simon de Boer. Hy is hikke en tein yn Kollumerpomp. Tolve jier lyn hat hy syn hûs ferkocht, ôfskie nommen fan al syn besittings en keazen foar it sobere kleasterlibben. Snein yn it radioprogramma Buro de Vries in wiidweidich petear mei Simon de Boer (snein 7 septimber 12:00 oere 92,2 FM).

Ut it Hea! argyf sjogge wy hjoed in ôflevering fan maart 2014.
Op hast alle Fryske doarpen stiet in hoanne op 'e toer. Mar yn Wierum net, dêr stiet in skipke op 'e toer. En dat skipke hong der nei de oktoberstoarm fan ferline jier hielendal bryk by. It skipke is restaureard en ôfrûne maart sette timmerman Doede Jongsma mei help fan in teleskoopkraan it skipke werom op 'e tsjerketoer.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)