Hea! fan 3 oktober 2018 17:35

Net in soad minsken yn Nederlân kinne sizze dat se in hûneswimbad hawwe. Cobie van Mourik van Weperen út Waskemar hat der sûnt 2004 ientsje yn in loads neist har hûs. Har eigen hûn wie nammentlik gek fan swimmen, mar no't dizze net mear libbet, komme oare baaskes del om harren hûn der terapeutysk swimme te litten. En oft de baaskes sels ek wolris in dûk weagje? Gymjuf Reina Hoekstra (64) soarget der al 40 jier foar dat de âlderein fan Sint Nyk fit troch it libben gean. Trije kear yn 'e wike jout se gymles. Mei de manlju fan de freedtemoarn hat se in spesjale bân. Der is altyd romte foar in grapke, mar stikem binne se gek meiïnoar.

Hûneswimbad yn Waskemar

Hûnen fine it hearlik om te badderjen en efter de bal oan te swimmen.

Soepele heupen troch gymjuf Reina

De manlju yn Sint Nyk binne behoarlik soepel yn de heupen. Alle freedtemoarns stean se yn de sporthal by gymjuf Reina Hoekstra.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)