Hea! fan 3 novimber 2015 18:20

Yn de Yndyske buert yn Ljouwert wurde sa'n 50 wenten sloopt. Foar Ben Kok is it wurkjen mei de kraan krekt as grut boartersguod en in jongesdream dy't útkomt.

Yn Drylts wurdt ein novimber yn ferbân mei grut feest yn de stêd, it stik “de Fabriek” opfierd. De foarstelling giet oer it âlde Nooitgedacht fabryk en mûzen... de bewenners fan Drylts wurde op ludike wize nei dit stik lokke.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)