Hea! fan 3 maart 2021 17:15

De 21-jierrige Anas Ayoub Agha is ferslingere oan freerunnen. Hy kin gjin stoepke as muorke sjen as hy moat der oerhinne springe. It freerunnen is in útlitklep foar Anas. Fiif jier ferlyn kaam hy fan út Syrië nei Nederlân. Hy moast flechtsje foar de oarloch dêr. Fryslân is no syn thús.

Snelhyd, gurdles, Skjinmakke rúten... Plysjeman Bert Broek sjocht as de automobilisten yn Frjentsjer harren goed oan de ferkearsregels hâlde. It is fansels net aardich ast in bekeuring krigest. Mar neffens Bert de plysjeman heart it by de opfieding. Ast yn in auto rydst moatst dy oan de ferkearsregels hâlde.

Rolls en flips yn Ljouwert

Anas springt oer elk stoepke en muorke

Ferkearskontrôle

Plysjeman Bert Broek hâldt it ferkear yn 'e gaten.

HEA!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)