Hea! fan 3 maaie 2017 17:35

Gjin stive nekken of fêstsittende heupen foar de âlderein fan Terkaple. Want gymjuf Geartsje Bottema-Santema (84) soarget der alle wiken foar dat har learlingen soepel en fleksibel bliuwe. En dat docht se al 45 jier.

Arjen en Anne Kaper út Drachten krigen ûnferwachts útfanhuzers op it balkon: in nêst mei einepykjes. Mar hoe leare dy jonge bistjes no swimmen op fjouwer heech?

Alderein-gymnastyk yn Terkaple

Rinne, rekke en strekke mei gymjuf Bottema Santema

Einepykjes op it balkon

Arjen Kaper en syn pakesizzer litte de eintsjes swimme

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)