Hea! fan 3 maaie 2016 18:20

We binne by de earste iepen Nederlânske kampioenskippen waskmasine-lûken yn Wâldsein. Ynset is in nije waskmasine. Der is in parkoers fan 30 meter útset dêr’t in pallet mei waskmasine oer lutsen wurde moat. Foar de measten in útdaging, foar in inkeling in 'makkie'!

By wensoarchsintrum Sint Theresia yn De Jouwer organisearje sy foar de earste kear in mannebingo. En dat mei kofje, gebak en in buorrel. Fansels binne der ek moaie prizen, mar dy sitte ferstoppe yn doazen mei moaie spreuken derop. En de froulju... dy meie der net bykomme!!

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)