Hea! fan 3 juny 2019 17:25

Seis jier lyn wie HEA! op besite by samler Wolter Hielkema fan De Himrik. Yn syn sliepkeamer lei hy tusken de skilderijen fan Heyboer en syn hok stie grôtfol mei alderhande guod. Yn maart 2019 ferstoar hy. Doe't Wolters famyljeleden yn syn testamint liezen dat hy nei syn dea graach in âlderwetske 'boelguoddei' hawwe woe, koenen sy fansels neat oars dwaan en organisearje sa'n dei. 

Sjoch hjir de reportaazje oer Wolter Hielkema dy't HEA! yn 2014 makke.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)