Hea! fan 3 juny 2013

Gerda van der Wijk út Feanwâlden hat hinnen. Bysûndere hinnen... it binne chabo's, Japanske krielhintsjes. Gerda is der hiel wiis mei. Se binne neffens har hiel nuet en freonlik en sjogge der ek wol wat komysk út mei harren koarte poatsjes. Se hat alle hinnen in namme jûn, passend by it gefoel dat se krijt by de hin. Sa rint der in Theo, in Foppe en ek in Sylvia rûn....

Yn Oerterp kinne je eltse moandei fjouwer manlju oan de kant fan de dyk omskarreljen sjen. It binne de doarpsoprommers! Al jierren romje se frijwillich elke wike it swerfôffal yn it doarp en der omhinne op. Ut wurdearring foar it wurk hawwe sels in spesjale fyts mei ôffaltonne krigen....

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)