Hea! fan 3 july 2020 17:20

Jelle Pilat fytst geregeld moarns betiid troch de fjilden by Bûtenpost. Om te genietsjen fan de natuer en te sjen of alle skiep der goed by steane. Hy siet foar syn pensjoen yn de feehannel.

En Johnny Kooistra waard berne yn in merkewein op 'e merke fan Oranjewâld. Hy is alwer de fiifde generaasje Kooistra's dy't fan de merke libje. Mei syn sweef en draaimûne stiet hy simmerdeis op in grut tal doarpsfeesten yn Fryslân. In reportaazje út 2017. 

Moarns betiid op de fyts

Jelle Pilat fytst alle dagen in eintsje troch de fjilden

De draaimûne fan Kooistra

Kooistra waard berne op 'e merke fan Oranjewâld

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)