Hea! fan 3 july 2012

NIje wike giet de Garbagerun fan start. In race troch acht Europeeske lannen mei in auto dy't net mear as 500 euro kostje mei. Der dogge ferskate Fryske auto's oan mei, en ien fan dizze auto's is fan de 'koekblikchicks'. Fiif froulju ride foar in goed doel en hawwe harren auto aardich 'oppimpt'. It is oan de bûtenkant al dúdlik te sjen dat it in froulju's auto is.

Clara Minnema hat yn Sint Nyk har eigen kringloopwinkeltsje. Har nearing is altyd tagonklik, ek as Clara der net is. Se ferkeapet der ek tsientallen golfballen. En hoe't se dêr no oan komt...?

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)