Hea! fan 3 desimber 2018 17:35

Hoe is it om yn in rôlstoel te sitten, en kinne je dêr dan ek mei sporte? Op dat soart fragen jout Rob Boskeljon fan Frjentsjer antwurd oan bern fan basisskoallen foar it projekt '(s)Cool on wheels'. Rob rekke sels al op 7-jierrige leeftiid in part fan syn skonk kwyt by in ûngelok op de pleats. Sûnt dy tiid hat hy in protese of makket er gebrûk fan in rôlstoel. Rob fertelt bern dêr oer, mar lit se ek sels yn in rôlstoel oan basketbal dwaan. 

Jaap Veenstra makket al jierren in privee-tsjerkhôfke fan de famylje Van der Sluis op De Himrik blêdfrij. In behoarlike put, want der steane nochal wat beammen op en om it hôf. En dan is der ek noch de ûndergrûnse grêfkelder. 

(s)Cool on Wheels

Hoe is it om oan sport te dwaan yn in rôlstoel? Bern fan basisskoalle St. Ludgerus yn Warkum mei it sels ûnderfine. 

Goeie De Himrik

It famyljetsjerkhôf fan de Van der Sluisen op De Himrik wurdt skjinhâlden troch Jaap Veenstra. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)