Hea! fan 3 desimber 2011

De bern fan de Trije Doarpen skoalle yn Reduzum hienen it dizze wike smoardrok. Se wienen ynhierd troch Sinteklaas om pipernútsjes te bakken. Under it bakken troch tinke se nochris nei oer it ferlanglistje.

Yn Easterwâlde komt der op tiisdeimiddei in soad lûd út it Mienskipshûs de Miente. De minsken fan de 'Mondorgel Club Oosterwolde MOCO' binne oan it repetearjen. De dirigint kin noch wol wat nije muzikanten brûke. Jo hoege net écht goed te spyljen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)