Hea! fan 3 april 2017 17:35

    De oefenfjilden fan SC Hearrenfean yn Skoatterwâld lizze der kreas by: it wurk fan kliïnten fan WIL. Oprêde, skjinmeitsje, linen lûke, alles pakke se oan. Mar it moat wol sekuer, want trainer Streppel is kritysk en de linen meie net bryk lizze.
    De jongerein fan Drachten is dizze dagen hielendal yn de besnijing fan LSD. Net de drug, mar de Lêste Skoaldei! En dat betsjut dat alle eineksamenkandidaten ferklaaid op skoalle komme. By de kleanferhier fan Boukje Dijkstra ha se it der mar drok mei.

    Skoatterwâld

    De oefenfjilden fan SC Hearrenfean yn Skoatterwâld lizze der kreas by troch it wurk fan de minsken fan WIL.

    LSD Drachten

    Eineksamenlearlingen yn Drachten sykje ferklaaiklean út foar de lêste skoaldei.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)