Hea! fan 29 oktober 2020 17:15

Finn Eekkerk fan Sint Anne docht oan free style fuotbal. Hy hat him allerhanne truuks mei de bal sels oanleard. En dat docht hy hiel goed. Koartlyn waard hy fierde op it Nasjonaal Kampioenskip. Hy is de iennichste yn Fryslân dy't op dit hege nivo free-styled en eins tinkt hy der oer om der syn jild mei te fertsjinjen op de sosjal media. 

Frou Rolina Slager fan Appelskea sammelet sûnt 35 jier aaidopkes. Se hat no tsjin de 400 stiks oeral troch it hûs te stean. It sammeljen is begûn doe't se it hûs fan mem leechhelle. Dêr wie ien solitêr dopke, dat woe Rolina wol mei ha. En dat wie it begjin. Dêrnei kocht se sels dopkes op har reizen, mar se krige ek in soad.

Free style fuotballer Finn Eekkerk

Finn Eekkerk fan Sint Anne is in supertalint free style fuotbal.

De aaidopke sammeling fan Rolina Slager

Rolina Slager fan Appelskea hat eins te min romte foar har aaidopke sammeling

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)