Hea! fan 29 oktober 2019 17:20

Wietze Veenstra fan de Harkema is 86 jier en hat in grutte leafde foar muzyk. It siet der al jong yn. Fan syn 12e jier ôf siet hy alle sneinen neist de oargelist fan tsjerke. En somtiden mocht hy sels ek in stikje spylje. Doe't de fêste oargelist syk wie hat Wietze de taak oernaam en hy is net mear fuort gien. Al 70 jier is syn fêste plak op snein achter it oargel. Mar ek op sneon hat hy in fêst plak. Hy is grut fan fan de Harkemase boys en alle thús wedstriden te finen op syn eigen stuol op de tribune.

Jelle Pols fan Surch is fan berop sjauffeur, mar hat hjoed in dei frij. It is moai droech waar en it hjoed sil hy it keatsfjild yn Surch meanen. 

Wietze Veenstra fan de Harkema

Al 70 jier achter it oargel

Goeie! yn Surch

Jelle Pols meant it keatsfjild

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)