Hea! fan 29 oktober 2018 17:35

De bern fan Koudum binne wer flink bang makke by de jierlikse Spoeketocht. Allerhande spoeken, meunsters en oare grizelige figueren swalken troch it doarp. De measte jonges dy't meidogge kin it net mâl genôch gean, mar in inkeling fynt it mar neat. 

Al jierren wurdt op de woansdei fan de Warkumer Fiskerijdagen yn it sintrum fan de stêd fisk by opbod ferkocht oan it publyk. Fêste fisk-ôfslagger wie altyd Doede Bleeker. Mar no't hy dit jier ferstoarn is, is de eare oan Frans Bekema om syn taak oer te nimmen. 

Spoeketocht

De grizelige spoeketocht fan Koudum. 

Fiskôfslach

De Warkumer fiskfeiling op de merk mei ôfslagger Frans Bekema. 

Hea!

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)