Hea! fan 29 novimber 2011

Krystsprokkelfair
Yn Ryptsjerk hawwe se in krystprokkelfair hâlden. Dit jier hawwe se dat hielendal yn Anton Pieck styl dien. De dielnimmers hiene tradisjonele klean oan, der wiene âlde ambachten te sjen en der stie in âlderwetske bakmasine en in masine om sokken mei te breidzjen. Der wiene in soad froulju fansels, en de mannen dy't der wiene, besochten de froulju wat yn de stringen te hâlden.

Help fan de melkrobot
Op de pleats fan de famylje Holman yn Wetsens wurdt de stâl omboud ta in hypermoderne robot-melkstâl. De man fan Astrid Holman is ferline jier ferstoarn en no helpt har skoansus Anneke har jûns by it melken. Mar dêr komt no in ein oan, want de robot nimt it wurk fan Anneke oer. Soan Johannes wol de pleats letter oernimme, mar dy moat earst syn skoalle ôfmeitsje.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)