Hea! fan 29 maart 2018 17:35

De nijste raazje yn swimbad-fitness is FloatFit. Dêr by dogge je oefeningen op in matte dy't driuwt op it wetter. FloatFit moat goed wêze foar alle spieren yn je hiele liif. Yn swimbad De Welle yn Drachten dogge se it al. 

Jan van der Meer fan De Westereen makket fan skulpkes út Nij-Seelân wei allegearre bistjes. Hy hat kilo's meinaam fan in besite oan syn dochter. Van der Meer hat der in bedoeling mei, mar dêr docht hy noch geheimsinnich oer. 

Float Fit

Swimbadfitness op in matsje yn it wetter: dat is Float Fit. 

Skulpkes

Jan van der Meer fan De Westereen makket fan skulpkes allegearre bistjes. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)