Hea! fan 29 maart 2017 17:35

Neffens Marten Wijma fan Aldegea (Smellingerlân) syn freoneploech moast Marten syn rollator nedich oppimt wurde. Marten hat in spiersykte en kin net sûnder syn rollator. En as er yn 'e kroech in rûntsje jout, sit der mear bier op syn rollator as dat yn 'e glêzen sit. Dat moast oars, fûnen syn freonen.

Grietje Stoker hinget noch altyd graach yn 'e touwen. Yn 1986 die se mei oan har earste wrâldkampioenskip toulûken en yn july is it wer safier. De froulju fan de toulûkploech traine tsjin de manlju yn in pleats yn Menaam.

De rollator fan Marten

Marten Wijma kin wer in rûntsje jaan yn de doarpskroech mei syn nije oppimte rollator.

Toulûke yn Menaam

De froulju tsjin de manlju.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)