Hea! fan 29 maaie 2018 17:35

Ate Wiersma fan Wommels is bekend fan telefyzje en wurdt hjoed 100 jier. Hy wennet noch selsstannich en is tankber dat hy sa âld wurde mei. Ate is noch aardich geef en dat komt troch de sûpengroattenbrij. En in bearenburchje sa no en dan giet der ek noch wol yn. 

Yn Marsum binne wat 'trammelantsjes' mei de riolearring, mar dat wurdt allegearre oplost. Anne Monsma wennet al 47 jier yn it doarp en hat it goed nei 't sin. Ek oan it lûd fan de fleantugen dy't wol gauris oerkomme is hy wol wend. 

Ate Wiersma 100 jier

Selsstannich, geef en op syn tiid in bearenburgje.

Goeie yn Marsum

De riolearing yn Marsum wurdt goed ûnderhâlden. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)