Hea! fan 29 maaie 2017 17:35

De fuotbalwedstriid tsjin de froulju fan VIOD Driezum is foar de sealfuotbalmanlju fan Dodado út Dokkum in hiele belevenis. Dodado is in sportferiening foar minsken mei in beheining. De mannen steane op skerp, want se wolle winne! Mar dy froulju binne fansels ek wol hiel leuk. En spiler Michel Lord soe eins leaver sels sportferslachjouwer wêze wolle...
Jelmer Hoonstra fan Reahel is oan it sleuteljen oan in âld brommer. Dat is goed, seit syn heit, dêr leart hy wat fan. Mar Jelmer wol eins folle leaver boerewurk dwaan.

Dodado - VIOD

De fuotbalwedstriid fan de mannen fan Dodado tsjin de froulju fan Driezum.

De brommer fan Jelmer

Jelmer Hoonstra fan Reahel sleutelet oan in âld brommer. Mar eins hie hy leaver op it lân wurke as boer.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)