Hea! fan 29 maaie 2013

By kringloopwinkel Emmaus yn Jistrum wurket in bysûndere frijwilliger. Gerrit Wiersinga is al dik yn 'e 80, mar komt noch altyd in pear dagen yn 'e wike mei de taksy nei Jistrum. Dêr hat hy it foaral drok mei it ferfier fan guod nei Roemenië. Doe't Wiersinga noch frachtweinsjauffeur wie, ried hy sels it guod nei dit lân. No is hy foaral goed yn it laden fan de frachtwein, oant it lêste gatsje ta....

Yn Goeie! binne wy hjoed yn Nij Beets. Dêr is in man drok dwaande om de simmerbollen yn 'e tún te plantsjen. Ferslachjouwer Janko Krist wol fansels graach witte wêr't de man oan tinkt by syn túnwurk...

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)