Hea! fan 29 juny 2020 17:25

In moaie musical opfiere as ôfskied fan de basisskoalle siet der net yn. Corona stuts dêr in stokje foar. Mar yn plak dêrfan meitsje de bern fan groep acht fan de basisskoalle yn Aldegea (Sm.) in echte spylfilm. Mei master as regisseur en in spannend ferhaal dat fansels goed ôfrint! 

De Harnzer bakkeburdeklup organisearre yn juny 2016 de Unofficial Side-burns & Tattoo Meeting. En dat diene se foar de tsiende kear. Op dizze meeting steane tattoo's, bier en bakkeburden sintraal. Der komme fans op ôf út binnen- en bûtenlân. 

Filmje op it skoalplein

Yn stee fan in musical meitsje de bern fan groep acht út Aldegea (Sm.) in spylfilm. 

Bakkeburden byelkoar

De Harnzer Bakkeburdeklup komt foar de 10de kear byelkoar. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)