Hea! fan 29 jannewaris 2020 17:20

Toanielferiening OKK (Oefening Kweekt Kunst) fan Ferwert bestiet presys in iuw en dat is in moaie oanlieding om nochris goed út te pakken mei in jubileumstik. Foar dizze spesjale jûn binne ek âld-spilers fan de klup frege om nochris op te planken te skitterjen. Maurits Zeinstra (82) fan Easterwierrum moat opromje. Jierrenlang wenne Maurits Zeinstra (82) yn de grutte pastorywenning neist de katolike tsjerke fan Easterwierrum, mar no moat hy ferhûzje nei in soarchwenning, en net alles kin mei fansels.

100 jier toaniel yn Ferwert

De tiid fan glitter en glamour op de planken is foar âld-toanielspiler Aan WestraIt al wer in skoft ferline tiid. Hy sjocht mei in soad wille werom op syn tiid by OKK.

Zeinstra moat opromje

Koartlyn waard Zeinstra blyn oan ien each en dat is bêst konfrontearjend, hielendal foar ien dy't it hearlik fynt om te nifeljen mei hout.

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)