Hea! fan 29 jannewaris 2018 17:35

    Efkes werom yn de tiid mei in diskoshow foar âlderein. Sa kinne je it Danspaleis it bêste omskriuwe. It Danspaleis draait muzyk út de 40-er en 50-er jierren, en slagget er dêrmei yn ek de âldsten wer de dûnsflier op te krijen. De bewenners fan soarchsintrum Rispinge út Drachten genietsje yn elts gefal folop.

    Bern út húshâldingen dy't it net sa breed ha bliid meitsje mei boartersguod. Dat is de bedoeling fan stifting DOK16 út Drachten. Mei in omboude SRV-wein fol boartersguod giet de stifting de wiken yn. Bern meie dan mei in stimpelkaart meardere kearen yn it jier bygelyks in poppe, in spultsje as in boartersauto útsykje. 

    Danspaleis

    Werom yn de tiid mei dûnsmuzyk fan eartiids. 

    Weggeefbank

    Boartersguod foar bern út húshâldings mei in smelle beurs. 

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)