Hea! fan 29 jannewaris 2014 17:40

Jûn yn HEA!

Ha jo noch âlde fruitbeammen yn 'e tún stean mar jo witte net hoe't je se snoeie moatte? Gjin panyk want de heechstambrigade helpt jo graach mei dizze put. Sa wiene se ôfrûne wykein drok oan it snoeien by famylje Terpstra yn Winaam. Mei help fan de frijwilligers fan de heechstambrigade besiket Lânskipsbehear Fryslân âlde beammehôven by buorkerijen, pastorijen en yn âlde doarpskearnen te behâlden.

De supermerk fan Hylpen giet yn 'e winter wer iepen. De ôfrûne trije winters die Haring Sikkes de winkeldoar yn oktober op slot en yn april wer iepen. Troch de toeristen yn 'e simmer hiene se genôch drokte yn 'e winkel mar yn de winter koe it net mear út. Mar Sikkes wie no wol klear mei al dy frije tyd en hy woe wer oan it wurk. De ûndernimmer iepenet dus opnij de doaren. Mei help fan syn heit en syn frou hopet Sikkes dat de ynwenners fan Hylpen no it hiele jier troch wer boadskipje kinne yn har eigen stêd.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)