Hea! fan 29 febrewaris 2016 18:20

Kafee de Weinstube is al sa'n 50 jier in begryp yn Harns. Yn 1966 iepene troch Phillip en Hennie Cornelisse oan de Voorstraat en yntusken oernaam troch soan Henk Jan.

Lykwols de Weinstube slút de doarren. Hjoed is de lêste dei en Henk Jan en syn mem stean noch ien kear achter de taap. En it is net sa maklik om ôfskied te nimmen.

En yn De Tike rûn Hea! trije generaasjes fan de famylje Posthumus tsjin it liif. En se ha gjin geheimen foar elkoar.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)