Hea! fan 29 febrewaris 2012

    Skrikkeljierdei
    De twilling Jelke en Jeltje Maat fan De Jouwer wurdt hjoed acht jier. Op himsels net sa bysûnder, mar wol opmerklik om't se har jierdei pas twa kear écht fierd hawwe. Dat hast no ien kear ast op 29 febrewaris berne bist. Dus is it hjoed ekstra feest.
     
    Kampioenskip bowls
    Yn Drachten is juster it noardlik kampioenskip bowls hâlden. Dit spultsje liket wat op jeu de boules, en wurdt allinnich troch âlderen dien. Jan Dooper út Drachten sit yn ien fan de dielnimmende teams. Dizze groep fanatikelingen oefenet net ien, mar twa kear yn 'e wike, want se wolle der wat mear úthelje.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)