Hea! fan 29 augustus 2013

Tusken Frjentsjer en Winsum wurdt de dyk fan nij asfalt foarsjoen. In hyt wurkje op in waarme dei. Mar it ploechje fan tsien dat it wurk útfiere moat draait der de hân net foar om. Se kinne goed mei-inoar wurkje.

En út it Hea! simmerargyf fan 5 juny 2013:
In dikke hûndert bern, mear as 100 meter flot en moai waar. Dat wienen op 4 juny de yngrediïnten fan in moaie middei yn Drylts. De bern fan groep 8 fan skoalle de Kogge woenen wolris wat oars by it ôfskied fan de basisskoalle. Sy woenen besykje om it wrâldrekôr flotfarren te ferbetterjen. Mar dêr wienen mear bern foar nedich fansels en dus kaam der stipe fan bern út Boalsert en út de legere groepen fan de Kogge. Mei in hiel soad oanmoedigers op de wâl moasten de bern der foar bealgje, want safolle meters houten flotten krije je net samar yn beweging!

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)