Hea! fan 29 april 2019 17:35

De suskes Rixt en Claartje Lunter binne gek op sneupe nei moai âld guod. Se strune rommelmerken en braderieën ôf op syk nei de moaiste skatten. Dat wurdt dan wer skjinmakke, opkreaze of reparearre en komt te keap yn harren winkeltsje yn Himmelum. No ha de froulju in kofferbakferkeap organisearre op harren eigen hiem. Fansels sjogge se ek at der wat fan harren gading by sit. 

Yn Stiens kin it ledekeatsen wer los. In frijwilligersploech leit foar alle trainingen en wedstriden de perken kreas klear. De mannen dogge it wurk al wol tweintich jier. Se binne dan ek allegearre tusken de 70 en 80 jier. At de linen lutsen wurde, wurdt tagelyk ek it nijs yn it doarp even trochnaam. 

Skatsykje yn Himmelum

De suskes Rixt en Claartje Lunter fine sneupe yn âld guod hast itselde as skatsykje. 

De linemannen fan Stiens

De frijwilligers fan keatsklup De Boer fan Stiens ha de perken wer klearlein foar it ledekeatsen. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)