Hea! fan 28 oktober 2020 17:15

As jonkje fan 13 jier learde Wietze van der Veer fan Oerterp it kappersfak fan. It wienen aparte tiden as tiener yn de Twadde Wrâldoarloch. Wietze knipte ûnderdûkers en minsken fan it ferset. Nei 75 jier wol Van der Veer noch altyd net mei pensjoen. En de Wrâldwinkel fan Drachten bestiet 50 jier. Sûnder frijwilligers, lykas Sjollie Veersma, kinne se net. Sjollie is in frou fan de wrâld. Se reizge al nei mear as tachtich lannen. "Dat reizgjen is ek in firus, en dêr is gjin medisyn tsjin'.

Kapper Wietze (91) knipt troch

Salang't Van der Veer it wurk dwaan kin, bliuwt er knippen. Syn dochter Nieske hat dêr alle begryp en respekt foar.

Sjollie Veersma, in frou fan de wrâld

Sjollie hat mei eigen eagen sjoen hoefolle earmoede at der yn de wrâld is en dêrom fynt se it ek sa belangryk om as frijwilliger yn de Wrâldwinkel wat foar dizze minsken te betsjutten.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)