Hea! fan 28 oktober 2019 17:25

Johan Veenstra út Easterbierrum hat bysûndere húsdieren: hy hâldt slakken! Johan fynt se leuk omdat se sa stadich binne. Hy hat in dikke fjirtich en siket der sa no en dan nije by út de tún. Ek lit hy syn slakken út op de karre achter syn skelter. Johan is no njoggen jier en wol noch wol twa jier trochgean mei dizze hobby. 

In frij tuskenoere is foar Roan en Toni út Balk in moaie gelegenheid om in potsje te tafeltennisjen. De jonges ferfele harren wat, mar hiene eins leaver achter de komputer oan it gamen west. 

Slakkejonkje

Johan Veenstra is njoggen jier en sammelet slakken. 

Goeie yn Balk

Roan en Toni dogge in potsje tafeltennis. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)