Hea! fan 28 novimber 2019 17:20

It Byzantynsk Mannekoar fan Drachten bestiet 15 jier. Der wurdt mearstimmich a capella Russysk-Ortodokske tsjerkemuzyk songen. It koar bestiet foaral út wat âldere hearen. De diriginte dêrfoaroer is de folle jongere Georgyske Nana Tchikhinashvili. Hoewol't de diriginte best strang is, wolle de mannen har net graach kwyt. 

Buorkjen is it moaiste dat der is fynt Durk Sietze Rozema fan Broeksterwâld. Doe't syn heit ferline jier hommels ferstoar, moast de jonge boer it melkfeebedriuw oernimme. En nettsjinsteande syn beheining is Durk Sietze op en top boer en is melken en feefersoargjen syn moaiste wurk.

Byzantynsk mannekoar

It Byzantynsk mannekoar fan Drachten bestiet 15 jier. 

De jonge boer fan Broeksterwâld

Durk Sietze Rozema moast ynienen it melkfeebedriuw fan syn heit oernimme. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)