Hea! fan 28 maart 2019 17:35

Se wist wol dat se sterk wie, mar sa sterk... havenmaster Liesbeth de Haan fan Skylge die ferline jier spontaan mei oan in 'Sterke man/frou'-wedstriid op it eilân. Har dochterke hie har opjûn. En fuortendaliks wûn se de wedstriid en sette ek nochris in Nederlânsk rekôr op it ûnderdiel Farmerswalk. No docht Liesbeth ek mei oan Nederlânske kampioenskippen.

It âlde beurtskip fan Dokkum wurdt op't stuit hielendal renovearre yn Droegeham. En dat is in bysûnder projekt: sa'n 20 dielnimmers mei in ôfstân ta de arbeidsmerk leare laskjen en fergrutsje dêrmei harren kânsen op in fêste baan. It skip moat skielk te pronk komme te lizzen yn de binnenstêd fan Dokkum.

Hea! De sterkste frou fan Skylge

Havenmaster Liesbeth de Haan is in powerfrou.

Hea! projekt beurtskip

It âlde beurtskip fan Dokkum wurdt op't stuit hielendal renovearre yn Droegeham.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)