Hea! fan 28 maart 2018 17:35

In modesjo, fuottefersoarging en fleurich lakte nagels. Der wie fan alles te dwaan by it jubileumfeestje fan Beautysalon Sietske yn Ferwert. Mar de manlju, dy mochten net mei nei binnen. En wat dogge de manlju fan Ferwert as froulju net thús binne? Dy sitte in pear meter fierderop yn de kroech it Hoekje.

Se is miskien wol de jongste ûndernimmer fan Beetstersweach. Linn Koemans is noch mar 11 jier âld en is har eigen knutselklup begûn. Brieven nei de gemeente, yn petear mei de boargemaster en in lokaasje sykje: Linn hat it allegear sels regele.

Women Only

Manlju ferbean op it jubileumfeest fan Beautysalon Sietske yn Ferwert

Knutselklup

Linn (11) begjint har eigen klup: knutseljen foar bern

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)