Hea! fan 28 maaie 2018 17:35

    Doe't de mem fan fôltsje Iris deagie, moast eigeneresse Coby Kruis fan Heech gau op syk nei in pleechmem. Nei in syktocht op Facebook waard yn Petten in Haflinger merje fûn dêr't de fôle fan deagien wie. Pleechmem en -dochter akseptearren elkoar, en no stiet der in ljochtbrune merje mei in Frysk fôltsje yn de greiden by Heech. 

    Jan van der Veen is al 91 jier, mar túnwurk docht hy noch altyd graach. Net allinnich syn eigen, mar ek it gersfjild fan de buert meant hy altyd. Van der Veen past ek op syn sike frou en docht de húshâlding. Mar it moaiste fynt hy dochs wol bûten dwaande wêze. 

    Pleechmem

    Pleechmem Chica ûntfermet har oer it Fryske fôltsje Iris. 

    Túnwurk

    De túntsjes yn Kollum wurde noch altyd keurich byhâlden troch de 91-jierrige Jan van der Veen. 

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)