Hea! fan 28 maaie 2015 18:20

It is in machtich gesicht by hobbyboer Klaas Holwerda fan Eanjum. Hy hat op dit stuit 350 skiep en 600 lamkes. Guon skiep hawwe in trije- of fjouwerling krige. En as de memmen dan net genôch molke hawwe, set Klaas se by de kij.

Wa komt it fierste? Dat is feitlik alles wat der barre moat op de trekkertrekwedstriden. Lammert, Hannie en Sjoerd van der Heide binne der hielendal gek fan. Trekkers en sleepweinen, de spanning fan de wedstriid en in soad wille. Yn Bantegea sille se wer foar it earst los dit seizoen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)