Hea! fan 28 juny 2012

Hast twa jier lyn wie Hea! by Age Jan Leyenaar fan Minnertsgea. Age Jan woe graach in freondinne en die in oprop. Mar hoe is it no mei Age Jan? Hy hat it hiem wat opromme en ek leuke reaksjes hân, mar hat it ek in frou opsmiten?

Yn de nijbou fan De Westereen wurdt drok timmere en dien. In groep bern makket dêr in hutte dy't tagelyk ek tsjinnet as winkel! It binne al echte ûndernimmers. In werhelling fan 31 maart 2012.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)