Hea! fan 28 jannewaris 2021 17:15

By de miljeustrjitte yn Damwâld is it wer wat rêstiger. De mannen fan it stoart ha in smoardrokke perioade hân yn de earste corona-golf. It like wol oft elkenien tagelyk fan syn âlde guod ôf woe. De besikers moasten somtiden wol in oere wachtsje. Mar ek foar it personiel is it wurk bytiden in oefening yn geduld. 

Harmen Bouma is mei syn dochterke Yfke foarop 'e fyts ûnderweis nei pake en beppe. Yfke ferfeelt har thús wolris wat, en by pake en beppe kin se lekker boartsje. Harmen genietet ek fan it fytstochtsje mei Yfke, sa binne se der beiden even út. Hy is seeman en meast lange skoften fan hûs. Dêrom bringt er no in soad tiid mei syn dochter troch. 

De mannen fan it stoart

De mannen fan it stoart yn Damwâld ha in drokke tiid hawn. 

In seeman op de fyts

Harmen Bouma is mei syn dochterke Yfke te fytsen by Snakkerbuorren. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)