Hea! fan 28 jannewaris 2019 17:35

Bearen, in pinguïn, in pappegaai en noch folle mear frjemde fûgels striden snein op Thialf om it NK reedriden foar maskottes. Op it middenterrein fan it iisstadion mochten de manlju en froulju yn de grutte skomrubberen pakken sjen litte wa't it bêst út de fuotten kin op izers.

Gabe Hof en Wiebe Wijnsma regelje al tsientallen jierren it ferkear om Thialf hinne by reedriideveneminten. Se reitsje sa njonkelytsen net sa gau mear yn de stress at der krityk is op it parkearen by it iisstadion. Frijwilliger Wiebe docht it wurk al sa lang dat hy sels Thialf sûnder dak noch meimakke hat.  

NK reedriden foar maskottes

It Nederlânsk kampoenskip reedriden foar maskottes op Thialf. 

De parkearwachters fan Thialf

Gabe Hof en Wiebe Wijnsma regelje al jierren frijwillich it ferkear by reedriideveneminten op Thialf. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)