Hea! fan 28 jannewaris 2016 18:20

Hendrik de Vries fan Sint-Anne is 83 jier en wurdt ek wol de Willie Wortel fan It Bilt neamd. Yn masinefabryk Bijlsma hat er syn eigen hoekje om fan alles te betinken en te meitsjen. Sa hat er sels in tandemfyts boud sadat er der mei syn frou op út kin. Ek hat er de rollator fan syn frou ferboud.

De mannen fan gemeentewurken Tytsjerksteradiel binne drok dwaande om de ferkearsbuorden yn de gemeente skjin te meitsjen.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)