Hea! fan 28 febrewaris 2018 17:35

    Glydzje, ride en foaral besykje net te fallen of troch it iis te sakjen. Hiel Fryslân giet derop út om te riden op natueriis. Hea! socht de iiswille op, want sels dat tinne laachje iis hâldt de leafhawwers net tsjin om derop út te gean.

    It begûn mei in toanbank, mar no hat er syn túnhúske grôtfol. Otto Veltman sammelet produkten dy't syn heit en mem ferkochten yn harren krûdenierswinkel yn Frjentsjer. Hy wennet no yn Kampen. Syn dream is om de hiele samling mei te nimmen nei Fryslân en dêr in museum te begjinnen.

    IIswille

    Reedride op it Nannewiid

    Krudenierswinkel

    Otto Veltman sammelet âld guod foar syn krudeniersmuseum

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)