Hea! fan 27 septimber 2018 17:35

De grutste hobby fan Rients de Jong fan Goaiïngea is hea meitsje. Mar dan wol mei âlderwetsk ark. De âld boer is fan maaie oant oktober, sadra it moai waar is, yn it hea. Dizze wike makke hy de lêste pakjes en HEA! wie der by.

Menno Sappé, pontbaas by De Gaastmar, hâldt der mei op. Hy is 75 jier en sa't hy sels seit: "Ik wol genietsje fan it lêste stikje dat ik noch krij". Snein 30 septimber sil de lêste kear wêze dat hy minsken, meast fytsers, mei it pontsje oerset. Sappé wennet op in moai âld schip, in lyts museumke op it wetter. Hy siket noch in lisplak dêr't hy en syn frou oant de ein ta bliuwe kinne.

Yn it hea mei Rients de Jong

De grutste hobby fan Rients de Jong is hea meitsje.

Menno Sappé hâldt op mei pontsje farre

Menno Sappé is 75 jier en no fynt hy it dan dochs wolris tiid om echt mei pensioen te gean.

Hea!

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)