Hea! fan 27 oktober 2020 17:15

It is hjerst en it tilt wer op fan de poddestuollen yn de bosk. Gosse Haga (71) fan de Paddenstoelenwerkgroep Friesland wit der in soad fan. As bern wenne er by de Rysterbosk en learde sa al gau alles oer de natuer. En noch altyd fynt er it geweldich om troch de bosk te strunen op syk nei bysûndere poddestuollen.

Jelmer, Riemer, Thys Jan en Rutger fan It Heidenskip woene eins alle fjouwer wol út'e hûs. Mar at je net studeare en op keamers gean, hoe dogge je dat dan. De fjouwer maten betochten yn de keet dat se wol mei syn fjouweren in hûs yn it doarp hiere koene. En no foarmje se in fjouwerpersoans húshâlden. Elk hat syn eigen keamer, en itensierde en boadskipje dogge se om en om, krekt as yn in studintehûs. 

Poddestuollen sykje

Gosse Haga wit alles fan poddestuollen. 

Fjouwer jonges yn ien hûs

Fjouwer maten wenje meielkoar yn ien hûs op It Heidenskip. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)