Hea! fan 27 oktober 2014 18:20

Corrie Gedaan fan De Lemmer nimt nei 27 jier ôfskied fan har wurk by it 'gemeentelijke douche en toiletgebouw'. Se is by in soad fakânsjegasten út binnen- en bûtenlân bekend as de toiletjuffer mei in soad humor. Hjoed stiet har in grutte ferrassing te wachtsjen...

Dizze wike is it by Omrop Fryslân 'de wike fan de soarch' en elke dei litte wy in moai portretsje sjen fan minsken dy't mei hert en siel yn de soarch oan it wurk binne en wat sy betsjutte foar oaren.

Hjoed folgje wy Fenna Westra dy't foar de buertsoarch yn Stiens wurket. Mei in lyts team fan sa'n seis kollega's soarget Fenna derfoar dat harren kliïnten noch goed thús wenje kinne of dat se goeie opfang ha nei bygelyks in operaasje. Fenna wurket fol passy en it is echt har berop en ek de kliïnten kinne net sûnder har.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)