Hea! fan 27 novimber 2019 17:20

Hy falt fuortendaliks op ast him riden sjochst: de grien giele skoalbus fan Henk en Elly Wielink út Oerterp. Hy makket no noch tochtsjes troch Fryslân, mar oer in oantal moannen meie de minsken yn Amearika der fan genietsje. En yn Snits wurdt alle dagen omraak breide troch de 103-jierrige Catharina Klop. It hâldt har fine motoryk goed yn ûntwikkeling.

Mei in âld skoalbus troch Amearika

De skoalbus hat syn woartels yn Texas, dat hoe moai soe it wêze om de bus wer ride te litten yn de Steaten?

103 en noch alle dagen breidzje

Frou Klop learde it breidzjen as lyts famke fan har beppe.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)