Hea! fan 27 novimber 2018 17:35

Fjirtich jier hat Reinder van Dijk fan Harns fûgeltsjes beoardiele op kleur, eksterieur en fearrekleed. Mar Van Dijk is 77 jier en it reizigjen troch hiele Noard-Nederlân wurdt him te beswierlik. De karmaster is no dwaande mei syn lêste fûgelshows. Van Dijk oecht him lykwols net te fervelen, hy neamt himsels in echt 'ferieningsminsk' en hat noch genôch oare funksjes. 

De 152 tsjerkeleden yn Ljussens kinne der alle jierren mar op rekkenje: in jierdeiskaart fan frou Albertje Kuipers-Dijkstra. Sechstich jier lang fersoarget se al de lokwinsken mei in kevetsje foar in lytse bydrage foar it oargelfûns der by. De lêste jierren holpen troch har soan Andre, dy't de kaartsjes der by lâns bringt. 

Fûgelkarmaster

Reinder van Dijk fan Harns is al 40 jier fûgelkarmaster. 

Oargelfûns

Frou Kuipers-Dijkstra regelet 60 jier de jierdeiskaarten foar it oargelfûns yn Ljussens. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)