Hea! fan 27 maart 2017 17:35

    It reedrydseizoen is dien, mar dat betsjut net dat it stil is yn de Elfstedenhal. Tweintich oanspanningen ferskine foar it Nederlânsk kampioenskip belslydjeien. Trije jier lyn gliden de dielnimmers mei de sliden foar it lêst oer it iis, mar dat betsjut net dat se it ferleard binne.

    En op De Gordyk geane de fuotsjes fan de flier op de jierlikse Folksdûnsdei. Sa’n 150 dûnsers fan De Vrouwen van Nu komme yn kostúm nei de sporthal. Mar it kin ek wolris de lêste folksdûnsdei wêze, want de groep fergrizet wol.

    Alderwetsk belslydjeien

    Bûntmûtsen, sliden en Fryske hynders op it iis by de Nederlânske kampioenskippen belslydjeien.

    Folksdûnsdei

    De folksdûnsfroulju fan de Vrouwen van Nu binne noch soepel.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)