Hea! fan 27 maart 2015 18:20

‘Alle tinten griis’. Dat is dizze kear de opdracht foar de fjirtjin froulju fan skildersgroep Met Verve fan Snits, dy't alle wiken byinoar komme om lekker te skilderjen. Njonken keunstsinnich dwaande wêzen, draait it ek om gesellichheid en sosjale kontakten. En dêr kinne je best emosjoneel fan wurde.

Observearje en switte tusken de jirpels en woartels. De frijwilligers fan de doarpstún fan Balk ferbouwe harren eigen iten, sûnder dat it ekosysteem beynfloede wurdt troch keunstdong. ‘It is in missy om goed foar de ierde te soargjen en tankjewol te sizzen’.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)