Hea! fan 27 maaie 2019 17:35

By it Iepen Frysk kampioenskip fokhysjen yn Snits giet it der om om sa gau mooglik de fok fan in skûtsje omheech te krijen. En dat draaien oan de lier is noch best in swier putsje. Foar de organisaasje is it kampioenskip ek in moaie gelegenheid om it skûtsje fan Snits, De Sneker Pan, ûnder de oandacht fan it publyk te bringen. 

Durk Schilstra fan Dokkum makket mei in kettingseage de moaiste figueren en objekten út in beamstam. Hy hat himsels it saneamde 'carving' oanleard, nei't er 4 jier lyn in profesjonele keunstner oan it wurk seach. En no seaget Schilstra ek yn opdracht en docht hy mei oan wedstriden. 

FK Fokhysjen

Wa kin de fok fan it Snitser skûtsje sa gau mooglik omheech krije? 

Kettingseachkeunst

De kettingseachkeunst fan Durk Schilstra fan Dokkum. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)